Fytser ferwûne nei botsing

26 mrt 2015 - 09:38

By in ûngelok op de Eekwerdleane yn Boalsert is woansdei in 54-jierrige man út dat plak earnstich ferwûne rekke. De man kaam op syn fyts yn botsing mei in 79-jierrige automobilist ek út Boalsert. De man is op it plak fan it ûngelok stabilisearre en doe oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)