De Harkema dekôr fan Nederlânsk ynterlânfuotbal

26 mrt 2015 - 08:34

Op Sportpark De Bosk op De Harkema wurde de kommende wike trije ynterlâns spile, wêrfan twa troch it Nederlânsk fuotbalalvetal ûnder de 19 jier. Tongersdeitejûn is de earste wedstriid. Om 19 oere spilet Oranje ûnder 19 tsjin de leeftiidsgenoaten fan Servië. Sneon is der op 'e nij in wedstriid en tiisdei is de lêste.

Yn ferbân mei de wedstriden fan Oranje spilet Harkemase Boys sneon gjin kompetysjewedstriid. By Oranje ûnder 19 spylje fuotballers fan Ajax en Feyenoord, mar ek Pelle van Amersfoort fan SC Hearrenfean docht mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)