Nije poffertsjekream yn Harns

25 mrt 2015 - 15:45

De poffertsjekream yn Harns giet sneon wer iepen. De kream, dy't eartiids yn in tinte siet, is no yn in gebou kommen. De bou duorre goed fjouwer moannen. Yn it nije gebou is in souder foar de opslach fan guod en de keuken en it húske sitte net mear los fan it gebou.

De kream hat fjouwer yngongen sadat de eigener kieze kin watfoar tagong oft er brûkt, ôfhinklik fan út watfoar rjochting de wyn komt. Sa kinne besikers altyd noflik poffertsjes ite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)