Iepen kampioenskip Frysk damjen yn Frjentsjer

It Iepen Frysk kampioenskip Frysk damjen is woansdei yn Frjentsjer begûn. It is de opmaat foar in wrâldkampioenskip Frysk damjen yn 2018. It is foar it earst dat wrâldkampioenen gewoan damjen it opnimme tsjin de top fan it Frysk damjen. By de dielnimmers sitte de wrâldkampioen fan no, Alexander Georgiev, en trije âld-wrâldkampioenen.
It kampioenskip duorret oant en mei sneon en wurdt foar de sande kear hâlden. Der binne lêzings en ek in tentoanstelling mei âlde dambuorden, de âldste út 1719. Sneon wurdt in nije app Frysk damjen presintearre.
Op de webside fan de organisaasje binne de partijen te folgjen.