Minister kin neat dwaan oan reorganisaasje by gerjochtshôf

25 mrt 2015 - 14:21

Minister Stef Blok wol de Twadde Keamer gjin tasizzings dwaan oer it behâld fan wurkgelegenheid by it gerjochtshôf yn Ljouwert. PvdA-keamerlid Albert de Vries frege de minister woansdei om dy tasizzings, omdat er earder tasein hat oerheidsynstânsjes yn it noarden yn stân te hâlden.

Neffens de minister hat er lykwols gjin ynfloed op de reorganisaasje by it gerjochtshôf. Dat is in saak fan de Rie foar de Rjochtspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)