Drachtster Arrivaterrein wurdt supermerk

Arriva Drachten © Google Streetview
De eigeners fan de Jumbo yn Drachten hawwe it eardere Arrivaterrein oan de Stasjonswei yn it plak kocht. It terrein leit neist winkelsintrum Noorderpoort. Doel is om op it rom 14.000 kante meter grutte terrein in útwreiding fan de winkel te realisearjen.
Ek moat der in stiller laad- en losplak fan de Jumbo en de neistlizzende Aldi komme. Foardat dat kin moatte earst de besteande gebouwen ôfbrutsen wurde. De nije eigeners hoopje dêr sa gau mooglik mei begjinne te kinnen.