Wenningkorporaasjes sette minder minsken hûs út

25 mrt 2015 - 13:47

Wenningkorporaasjes hawwe ferline jier minder hierders harren hûs útsetten as yn 2013. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Aedes, de koepel fan wenningbouferienings. Ek Fryske korporaasjes hawwe dêroan meidien. Krekte Fryske sifers binne der net, mar lanlike sifers litte sjen dat der 5900 útsettings yn 2014 west hawwe, tsjin hast 7000 yn 2013. Minder útsettings betsjut net dat hierders minder betellingsproblemen ha. Dat is krekt wol sa. Mar wenningkorporaasjes dogge der alles oan om útsettings foar te kommen. Lykas Elkien yn Fryslân.

Bestjoerder Alex Bonnema meldt dat Elkien op hiel koarte termyn mei hierders yn petear sil, as dy har hier net mear betelje kinne. Ek wurket Elkien gear mei enerzjymaatskippijen en de soarchfersekerders om de hierder wer 'finansjeel fit' te krijen. Elkien hat ferline jier 29 hierders út har hûs setten. Yn 2013 wiene dat noch 34.

De Woonbond, dy't lanlik de hierders fertsjintwurdiget, is bliid dat minder minsken har hûs útset wurde, mar is ek somber oer de takomst. Troch de hieltyd heger wurdende hieren reitsje mear minsken yn betellingsproblemen en sille de hûsútsettings op termyn wer heger wurde, sa seit Ronald Paping fan de Woonbond. Hy wol dat de polityk en korporaasjes de hieren minder fluch omheech gean litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)