Plysje warskôget hûnebaaskes yn Wolvegea foar spûnzen

25 mrt 2015 - 11:54

De plysje warskôget hûne-eigeners yn Wolvegea foar spûnzen dy't omslingerje yn gebieten dêr't hûnen útlitten wurde. In baaske helle tiisdei in stik spûns út de bek fan it bist. Letter is op in gersfjild in stik spûns fûn dy't trochweakke wie fan bakoalje dêr't hûnen op ôfkomme.
Se kinne de spûnzen net goed fertarre en wurde der slim siik fan.

It spilet neffens de plysje yn de omkriten fan de Nijverheidsstrjitte yn Wolvegea.

Ek op oare plakken yn Nederlân binne meldings fan bakspûnzen. It Nederlânsk Forensysk Ynstitút hat yn dy saken ûndersyk dien, en dêrút die bliken dat it net altyd om spûnzen giet. Dochs is it neffens de plysje wichtich om de hûn goed yn de gaten te hâlden en nei in bistedokter te gean as der wat mis liket.

Trefwurden: 
plysje Wolvegea hûn spûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)