Age Looxma Ypeij wer werom yn Vijversburg yn Tytsjerk

Portret fan Age Looxma Ypeij
De lêste privee-eigener fan Vijversburg, Age Looxma Ypeij, is wer werom yn Tytsjerk. Alteast, in portret fan him. It skilderij is yn 1855 makke troch Pieter Willem Sebes út Harns. Looxma Ypeij ferstoar yn 1892. Nei syn dea is de ynboel fan Vijversburg ferkocht.
Acht jier lyn kaam it portret fan Looxma op in feiling. Keunstleafhawwer Willem Poerink hat it doek kocht en restaurearje litten. Vijversburg mocht it dêrnei tsjin kostpriis opkeapje. It skilderij is fan septimber ôf te sjen yn de teesalon fan Vijversburg.