Rekkenjen stiet in dei sintraal op Fryske basisskoallen

Lessen op Fryske basisskoallen steane woansdei yn it ramt fan rekkenjen. It is Nasjonale Grutte Rekkendei. De dei wurdt foar de trettjinde kear hâlden. It tema fan de dei is 'Uit de Kunst' en giet oer mjitkunde.
Sûnt dit jier is de eintoets taal en rekkenje in ferplicht ûnderdiel wurden yn it basisûnderwiis. Bern moatte dus goed rekkenje kinne, as se nei it fuortset ûnderwiis geane. Tsien jier lyn wie it rekkennivo fan Fryske bern net sa goed.