BoerenNatuur hâldt ein dit jier op

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De belangeferiening BoerenNatuur hâldt der ein dit jier mei op. BoerenNatuur bestiet út 50 natuerferienings út Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân en docht as belangeferiening de wurdfiering op provinsjaal en lanlik nivo.
Fan dit jier ôf krije de agraryske natuerbehearders mear ferantwurdlikheid fan it Ryk. Om dat goed te organisearjen, hawwe de natuerferienings tolve nije gearwurkingsferbannen oprjochte. Dêrmei wurdt BoerenNatuur oerstallich.