Jonge Frjentsjerter oanhâlden yn sjantaazjesaak

Yn Frjentsjer is in jonge fan 13 jier oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it ôfparsjen en sjantearjen fan in 14-jierrige jonge út Frjentsjer. It slachtoffer moast jild jaan oars soe der geweld brûkt wurde. Ek waard drige mei it publisearjen fan eroatyskachtige foto's fan it slachtoffer.
De sjantaazje spile oer in perioade fan in pear moannen. De saak kaam oan it ljocht doe't de âlden fan it slachtoffer fûnen dat har soan nuver die. Se dienen oanjefte. Neffens de plysje hat it slachtoffer sa'n 200 euro betelle.
De fertochte die him fia Whatsapp foar as famke en wist sa it slachtoffer te oertsjûgjen om eroatyske foto's fan himsels te stjoeren. It motyf foar de die wie jild. De plysje hat ferskate tsjûgen heard. De fertochte komt meikoarten foar de bernerjochter.