Protestliet tsjin gasboarrings Skylge

25 mrt 2015 - 09:47

Mei in protestliet wol GasTvrijTerschelling de aksje tsjin mooglike gasboarrings op it waadeilân troch Tulip Oil ekstra krêft bysette. It nûmer is tiisdeitejûn opnommen mei de band De Mannen van Hee en in koar fan sa'n hûndert sjongers. It liet wurdt op cd útbrocht.

De Skylger feriening hat yn febrewaris in petysje tsjin de gaswinning opset. Dy is al mear as 17.000 tekene. Minsken binne benaud dat de gasboarrings skea oan de natuer bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)