Doarpswurk en miljeufederaasje sykje duorsume doarpen

De Energiewerkplaats is op syk nei doarpen dy't har folop ynsette foar duorsumens. It giet om doarpen en buerten dy't yn de takomst folslein foarsjen wolle yn harren eigen enerzjy. De Energiewerkplaats is in inisjatyf fan Doarpswurk en de Fryske Miljeufederaasje en stipet doarpen yn harren duorsumheidsplannen.
Yn Raerd is woansdeitejûn in ynformaasjebyienkomst foar doarpen dy't enerzjyneutraal wurde wolle. Se kinne net samar meidwaan: der moat wol genôch draachflak wêze yn it doarp en der moatte ek al duorsume projekten opset wêze.