Aalberts: "Balk krijt hoe dan ek AZC foar 500 minsken"

Der komt hoe dan ek in asylsikerssintrum foar 500 minsken yn Balk op it plak dat de gemeente De Fryske Marren keazen hat. It giet om in stik lân tsjinoer de strjitten Talud en de Wikelerdyk. Dat hat boargemaster Arie Aalberts tiisdeitejûn sein op in besletten byienkomst foar omwenners.
Goed sechtich bewenners kamen nei de ynfojûn yn De Treemter ôf. De minsken hawwe grutte soargen oer de feiligens en oer de wearde fan har hûs no't der in AZC yn it doarp komt. Fierder binne minsken benaud har frije útsjoch te ferliezen.
Boargemaster Aalberts begrypt de ûnrêst by de befolking, mar de lokaasje stiet net mear ter diskusje, stelt hy. Hy hat de minsken frege om mei te tinken oer hoe't it gebou derút sjen moat. Op dy wize hopet Aalberts in grutter draachflak te krijen.