Langedike hat as earste glêsfezelnetwurk yn eigen behear

24 mrt 2015 - 20:41
  • Netwurkkast foar glêsfezel yn Langedike

It doarp Langedike hat as earste plattelânskearn yn Fryslân in glêsfezelnetwurk mei 160 oanslutings. Bysûnder is ek dat se dat netwurk sels yn behear ha. Langedike die mei fjouwer oare doarpen mei oan in provinsjale pilot.

Providers woene it netwurk net oanlizze yn foar harren ûnrendabele gebieten. Mar fia in oprjochte stichting koene de ynwenners subsydzje oanfreegje by de provinsje foar de oanlis. Foar de glêsfezeloansluting betelje de brûkers tsien euro yn de moanne ekstra foar in perioade fan tolve jier, sa is ôfpraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)