Drokte by ûndernimmersbeurs TEL yn WTC Expo Ljouwert

De stands op de ûndernimmerbeurs TEL yn it WTC Expo yn Ljouwert binne grutter en djoerder as oare jierren. Dat seit de organisaasje fan de beurs. Fierder liket it der op dat der mear minsken op de beurs ôfkomme.
TEL is opset om Fryske ûndernimmers de kâns te bieden mei elkoar yn de kunde te kommen en saken te dwaan. Yn totaal binne der 280 standhâlders. Njonken bedriuwen binne ek ferskate Fryske gemeenten en de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 op de beurs fertsjintwurdige.