Trijehûndert wurkleazen krije dit jier in baan mei subsydzje

24 mrt 2015 - 17:04

In lytse trijehûndert minsken sûnder wurk krije dit jier in subsidiearre baan. De provinsje lûkt dêr in dikke acht ton foar út. Gemeenten, ynstânsjes as it UWV of wurkfoarsjenningsorganisaasjes as Empatec kinne dy leansubsydzje oanfreegje.

De regeling is bedoeld foar alle wurksykjenden. It makket net út wêr't se wenje of wat foar soart útkearing oft se krije. It is de bedoeling dat de minsken op syn minst in healjier wurk krije, en it leafst noch langer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)