Winkels yn Drachten op sneon tenei oant seis oere iepen

© Google Streetview
Winkels yn it sintrum fan Drachten binne tenei op sneon in oere langer iepen, oant seis oere. Se spylje dêrmei yn op de winsken fan de konsuminten, dy't graach langer winkelje wolle en op tiden dat it har útkomt. De nije iepeningstiden geane sneon 28 maart yn.
In soad ûndernimmers yn Drachten soene ek graach op snein iepen wolle, mar de gemeente wol dêr noch net oan. It is al jierren in punt fan diskusje yn Drachten.