Aldehaske krijt 'natuergebiet' foar otters en fjoerflinters

Aldehaske krijt in ekologyske leefomjouwing foar otters en fjoerflinters. De gemeente De Fryske Marren is al úteinset mei de oanlis fan it park. Doel is dat otters dalik makliker fan it Natura-2000 gebiet De Deelen nei it gebiet Brandemeer en Rottige Meente komme kinne. Om it nije park hinne komt in hage fan reid sadat de fjoerflinter dêr nestelje kin.
It park kostet 60.000 euro en is neffens de gemeente oer twa wiken klear. It kin dan noch wol in pear wiken duorje foardat de otter en de fjoerflinter yn it gebiet te sjen binne.