Learlingen Magister Alvinus dogge mei oan poëzywedstryd

Yn teater Snits hawwe learlingen fan RSG Magister Alvinus tiisdei meidien oan de VERS PoëzieRevue. Dit is in literêre sjo mei dûns, muzyk en poëzy. Learlingen presintearje harren eigen gedicht.
In sjuery kiest fjouwer learlingen út dy't it bêste gedicht ha. Sy meie meidwaan oan de grutte VERS finale foar jongeren yn de Stedsskouboarch Amsterdam.