Gearwurking fjouwer Fryske gemeenten moat ekonomy stypje

24 mrt 2015 - 15:45

Se moatte de motor fan Fryslân wurde: Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Hearrenfean en Smellingerlân. Dizze fjouwer gemeenten binne ekonomysk sjoen it sterkst fan ús provinsje en troch gear te wurkjen wolle se de hiele Fryske ekonomy foarút helpe. De provinsje soe harren dêrby helpe moatte.

Op de bedriuwebeurs TEL yn Ljouwert ha de gemeenten tiisdei in gearwurkingsoerienkomst tekene om de krêften te bondeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)