Wenje oan de râne fan in doarp populêr by nije keapers

© ANP
Hast de helte fan de Friezen dy't foar it earst in hûs keapet, wol oan de râne fan in doarp wenje. Yn oare provinsjes jildt dat mar foar ien op de tsien. Dat docht bliken út ûndersyk fan de SNS-bank. As Friezen op syk geane nei in hûs sjogge se foaral nei de lokaasje.
Har ideale hûs is frijsteand, yn klassike styl en dus oan de râne fan in doarp.