Sjoerd Galema fuort by FrieslandCampina

Sjoerd Galema
Sjoerd Galema hâldt per direkt op by FrieslandCampina. Galema is by de suvelkoöperaasje lid fan it bestjoer en ek lid fan de ried fan kommissarissen. Yn in ferklearring op de webside fan FrieslandCampina seit Galema dat er werom sjocht op in moaie tiid, mar dat er besletten hat dat syn takomst bûten it bestjoer en de ried fan kommissarissen leit. Tsjin Omrop Fryslân wol Galema hjir fierder neat oer sizze.
Galema wie sûnt desimber 2011 oan it bedriuw ferbûn. Dêrfoar wie er ûnder oare deputearre yn Fryslân foar it CDA.