Fryske mantelsoargers faker siik

Fryske wurknimmers dy't neist harren wurk foar in neiste soargje, binne faker siik. Benammen minsken dy't langer as twa jier mantelsoarger binne, hawwe faker problemen mei de sûnens. Dat fernimme de ferskate stipepunten yn de provinsje.
It Sociaal en Cultureel Planbureau hat ûndersyk dien nei de siikmeldingen troch mantelsoargers. Neffens it CPB ferdûbelet it syktefersom wannear't in meiwurker langer as twa jier mantelsoarch ferliend.
Yn Fryslân doarre minsken op it wurk faak net te praten oer de swiere thússituaasje. Dêrtroch kin in wurkjouwer gjin stipe jaan.