Fertochte oanhâlden foar smiten fjoerwurkbommen plysjeburo

24 mrt 2015 - 11:52

De plysje hat in man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan it smiten fan bommen nei it plysjeburo op It Hearrenfean. It giet om in man fan 28 jier út Wolvegea. De plysje kaam de man op it spoar nei wiidweidich ûndersyk.

Op 6 en 23 febrewaris en op 13 maart waard swier fjoerwurk op de binnenpleats smiten. Derby rûn in plysjeauto skea op. De plysje slút oare oanhâldings net út. Wêrom't de man de bommen nei it buro smiet, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)