Auto by Easterwâlde klemriden nei achterfolging plysje

24 mrt 2015 - 11:31

Nei in achterfolging hat de plysje moandeitemiddei by Easterwâlde twa mannen út Amersfoort klemriden en oanhâlden. De manlju foelen op troch harren gefaarlike rydgedrach op de A7 by Fryske Peallen. Se riden hiel hurd, slingeren oer de dyk en rieden oer de flechtstrook. Doe't de plysje achter de mannen ried, giene se noch hurder riden.

Mei help fan ferskate plysje-auto's, koene se op de N381 by Easterwâlde klemriden wurde. Yn de auto fan de manlju waard stellen ark fûn. It ark en de auto binne yn beslach naam.

De manlju sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)