Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan hannel yn drugs
De plysje fertinkt in 22-jierrige Ljouwerter fan de hannel yn drugs. De man hie by in kontrôle yn syn wenplak 41 boltsjes mei, nei alle gedachten, hard drugs by him. De man is meinaam foar fierder ûndersyk en de drugs binne yn beslach naam.
De Ljouwerter koe him by syn oanhâlding ek net legitimearje.