Arriva Touring slút kontrakt mei CVO Súdwest-Fryslân

Arriva bus © ANP XTRA
De groepsreizen fan skoallemienskip CVO Súdwest-Fryslân wurde tenei fersoarge troch ferfierder Arriva Touring. De skoalle en de ferfierder hawwe in kontrakt foar twa jier ôfsletten. It giet om ekskurzjes fan ien dei en langere reizen dy't ferskate dagen duorje. De skoallemienskip hat fêstigings yn Snits, Boalsert, Koudum, Wommels en Balk.
Arriva Touring fersoarget yn it Noarden ek al ferskate ritten fan de rappe bustsjinst Qliner.