Ald-boargemaster Johannes Brandsma krijt eigen dyk

24 mrt 2015 - 10:48

Ald-boargemaster Johannes Brandsma fan Ljouwert krijt in dyk nei him neamd. It giet om de westlike ynfalswei. Woansdei is de offisjele ûntbleating fan it nammebuordsje.

Brandsma wie fan 1967 oant 1983 boargemaster fan Ljouwert. By syn ôfskied is hy beneamd ta eareboarger fan de stêd. Hy is yn 2002 ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)