Foodbloggers ûntdekke kulinêr Fryslân

24 mrt 2015 - 09:53

In groep fan 20 foodbloggers út it hiele lân makket tiisdei in toer lâns Fryske streekprodukten. Se binne útnoege yn it ramt fan Ljouwert Haadstêd fan de Smaak. De bloggers ha allegearre in eigen webside, wêrop se oer iten skriuwe. Se dogge yn Fryslân mei oan workshops en krije ynformaasje oer bygelyks droege woarst en skiepmolke.

Oan de ein fan de middei sille se itensiede mei Fryske sjefkoks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)