Aksje om te soargjen dat stiennen út tunen ferdwine

Yn de striid tsjin it groeiend tal stedstunen mei allinnich mar stiennen, is Ljouwert oanwiisd as ien fan de pioniersstêden foar it projekt Operatie Steenbreek. Dat is in lanlik gearwurkingsferbân tusken kennissintra, oerheid, bedriuwslibben en boargers mei as doel it grien werom te krijen yn de túntsjes. Yn Ljouwert docht it Kenniscentrum Burgers en Biodiversiteit fan Van Hall/Larenstein ûndersyk.
Minder tegels yn tunen is net allinnich wichtich foar fûgels, flinters en stikelbargen, mar spilet ek in rol by it tsjingean fan wetteroerlêst.
As der yn de measte tunen stiennen lizze, kin it reinwetter net mear de grûn ynsakje. It wetter rint dan de strjitte op en komt yn it rioel. Dat kin al dat ekstra wetter net oan. Studinten fan it Kenniscentrum Burgers en Biodiversiteit hawwe al ûndersyk dien yn Ljouwert. Se fregen bewenners wêrom't se faak foar tegels kieze. It docht bliken dat minsken dat it meast praktysk fine. Se wolle net oerenlang dwaande wêze yn de tún. De studinten sille de kommende tiid mear ynterviews hâlde. Se jouwe minsken ek tips foar túnûnderhâld.