Man út it wetter helle yn Harns
Omstanners hawwe tiisdeitemoarn in man út it wetter helle yn Harns. De man wie by de Waddenpromenade yn it wetter bedarre. Omstanners smieten him in rêdingsboei ta en koene him sa wer út it wetter krije.
De brânwacht wie wol oproppen, mar hoegde net yn aksje te kommen.