Binnenstêd fan Dokkum tiisdei diels sûnder wetter

Ferskate strjitten yn de binnenstêd fan Dokkum wurde tiisdei ôfsletten fan wetter, om't der de hiele dei wurksumheden dien wurde oan de wetterlieding. Dy wurksumheden binne nedich as tarieding om de brêge De Lytse Pyp letter dit jier ferfange te kinnen.
Minsken dy't oan it winkeljen binne, kinne wol nei it húske. Op de Grutte Breedstrjitte is in toiletwein delset. Op De Markt kinne minsken gebrûk meitsje fan in wettertaappunt. Vitens meldt dat minsken nei de ûnderhâldswurksumheden noch efkes lêst hawwe kinne fan brún wetter.