Kazemattemuseum krijt jild foar frissere útstrieling

23 mrt 2015 - 21:20

It Kazemattemuseum by Koarnwertersân hat de 350.000 euro dy't nedich is foar in werynrjochting byinoar. It museum dat dit jier 30 jier bestiet, wol mei it jild it museum en de tentoanstelling modernisearje. It monuminteplein moat ek opfrist en útwreide wurde.

It Nasjonaal Fûns voor Frede, Feiligens en Feteranesoarch hat 150.000 euro foar de werynrjochting takend. Dêrneist hawwe de gemeente Súdwest-Fryslân, de provinsje Fryslân en tal fan stichtings ek stipe tasein. It museum is al mei de earste wurksumheden úteinset.

Yn it museumwykein fan 18 en 19 april moat it nije besikerssintrum klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)