Soarchkoöperaasje Amelân nimt De Stelp net fan Pasana oer

Soarchsintrum De Stelp op It Amelân wurdt net oernaam troch de soarchkoöperaasje Amelân. De kurator hat de inisjatyfnimmers in brief skreaun mei dy meidieling.
De koöporaasje hie in bod útbrocht op de âldereinsoarch en it gebou. It doel wie om de soarch sa tichtby as mooglik te hâlden. De inisjatyfnimmers hopen dat de nije eigener hege kwaliteit fan soarch biede koe. Ein dizze moanne makket de kurator bekend hokker partij De Stelp oernaam hat.