Learlingen betinke fûgelfreonlike tún foar De Fûgelhelling

23 mrt 2015 - 18:50

De Fûgelhelling yn Oerterp krijt in fûgelfreonlike tún. In part fan de grûn wurdt dêr spesjaal foar ynrjochte. Doel is dat partikulieren dêr ideeën opdogge dy't se dan sels thús wer tapasse kinne. Learlingen fan CSG Liudger yn Drachten betochten plannen foar datsoarte tunen dy't se moandei op skoalle presintearren.

It winnende ûntwerp fan de brêgeklassers Myrthe, Anne en Hyke hat in soad begroeing fan struken en beplanting, dêr't fûgels harren goed yn ferskûlje kinne. It fûgelfreonlike túnidee sil mooglik noch dit jier oanlein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)