'Poetic Potatoes': ierappels te keap mei Malteesk gedicht

23 mrt 2015 - 17:33

Op de wykmerk yn Ljouwert binne fan nije wike freed ôf 'Poetic Potatoes' te keap. It giet om in projekt fan de stichting Bildste Aardappelweken yn it ramt fan Kulturele Haadstêd.

Fjouwer jier lang wurde yn septimber Fryske gedichten yn pûden mei Biltske poatierappels nei Malta brocht. De ierappels dy't dêr set wurde, komme in healjier letter as konsumpsje-ierappel werom mei in Malteesk gedicht derby. De earsten binne freed op de merk te keap, in dei letter ek yn de supermerk.

Ljouwert en Valetta op Malta binne yn 2018 beide Kulturele Haadstêd fan Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)