App mei populêre kafees yn de Snitswike

© Omrop Fryslân
Besikers fan de Snitswike kinne dit jier mei in app sjen wêr't wat te dwaan is yn de stêd. De app hat in plattegrûn dêr't je op sjen kinne wêr't je steane en wat der om dy hinne bart. Dan giet it bygelyks om hokker plein of kafee it meast populêr is.
De app kin dat útrekkenje mei help fan saneamde beakens dy't yn de stêd delset wurde. Dêrmei kin it de lokaasje fan de brûkers bepale en sa útfine wat de hipste en gesellichste plakken binne yn de Snitswike.
Mear ynformaasje beleefdesneekweek.nl