Jeugd NK syngroanswimmen ein maart op It Hearrenfean

23 mrt 2015 - 14:50

De nasjonale jeugdkampioenskippen syngroanswimmen wurde dit jier op 28 maart hâlden yn Sportstêd Hearrenfean. Neist de wedstriden jouwe nasjonale toppers demonstraasjes. Oan de wedstriden dogge mear as 100 swimmers oant 18 jier mei.

Der dogge ek fjouwer Belgyske syngroanswimferienings mei. It nasjonale swimbûn KNZB organisearret de kampioenskippen tegearre mei it swimbûn HZ&PC fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)