Bysûndere modeltrein foar modelspoarmuseum Snits

23 mrt 2015 - 13:06

It modelspoarmuseum yn Snits hat in bysûndere skinking krigen: in grien modeltreinstel, dat liket op in Nederlânsk treinstel út 1936 en de allernijste Arrivatreinen dy't no yn Fryslân ride. It model is koart nei de Twadde Wrâldoarloch makke ûnder de namme Maple Leaf boartersguod, in ferwizing nei de Kanadeeske befrijers fan ús lân.

Yn it model is foar de oandriuwing in saneamde tuskenbak makke. Bysûnder is dat treinbouwer Stadler de tuskenbak ek brûkt yn de hjoeddeistige modellen dy't it fabryk foar ferfierder Arriva makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)