Jonges skoppe en slaan stedsgenoat op merke Snits

© Omrop Fryslân
Twa Snitsers binne snein oanhâlden foar it mishanneljen fan in 17-jierrige jonge út de stêd. De fertochten, twa jonges fan 14 en 17 jier, makken op de merke op it Martiniplein rûzje mei it slachtoffer. Dy waard troch it duo skopt en slein.
Nei't it slachtoffer oanjefte dien hie, koe de plysje de twa jonges oanhâlde. Se binne mei in proses-ferbaal nei hûs tastjoerd.