Dronken Ljouwerter mei mes pisset tsjin skeakelkast
In 29-jierrige dronken Ljouwerter is sneintejûn oanhâlden yn in flat oan de Esdoornstrjitte. In plysjeman seach dat de man rûzje makke mei in frou. Ek pisse de man tsjin in skeakelkast. Hy hie gjin identiteitspapieren, mar wol in mes by him. De man is meinaam nei it plysjeburo.
Mei ferskate prosessen-ferbaal yn de bûse mocht de man letter wer nei hûs.