Snitser slacht man mei hûneriem

© Omrop Fryslân
Twa hûne-eigeners binne mekoar snein op it Heidemar op It Hearrenfean te liif gong, nei't ien fan de hûnen biten wie. In 19-jierrige jonge út Snits hat in 45-jierrige man út Rottum slein mei in hûneriem. Dat die er om't de Rottumer ien fan de hûnen fan de Snitser in skop jûn hie.
De Snitser is letter oanhâlden yn syn wenning oan de Dreef. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.