Learlingen Wommels sykje oplossings foar swalkôffal

23 mrt 2015 - 10:15

Op it Bogerman yn Wommels is moandeitemoarn it startskot jûn foar in projekt oer swalkôffal. De gemeente Littenseradiel freget learlingen fan de skoalle om mei te tinken oer in oplossing foar it probleem fan it ôffal.

De learlingen sille dêr de kommende wiken mei oan de slach. Healwei presintearje se harren oplossings, wermei't de gemeente dan wer oan de slach kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)