Atsma deklarearret 76.000 euro

Steatssikretaris Joop Atsma hat oer it ôfrûne jier foar goed 76.000 euro oan ûnkosten deklarearre. Dat docht bliken út ûndersyk fan RTL Nieuws. Atsma deklarearre dêrmei hast like folle as de minister op syn departemint. Melanie Schultz-van Hagen deklarearre foar goed 78.000 euro. Ien fan de grutste posten dy't Atsma deklarearret binne de kosten fan syn appartemint. Dêr betellet er goed 3.000 euro per moanne oan.
De oare Fryske steatssekretaris, Halbe Zijlstra, makket minder kosten. Hy hat goed 30.000 euro deklarearre.