Drachtster spoekrider is rydbewiis kwyt
It rydbewiis fan in 75-jierrige spoekrider út Drachten is snein ynnaam. De man fersinde him by de oprit fan de Noarderhegewei nei de N31. De plysje koe de man sûnder ûngelokken oan de kant sette. Sjoen de leeftiid fan de man is syn rydbewiis yn beslach naam.