Riders nimme iis mei op lêste dei yn Ljouwerter iishal

22 mrt 2015 - 16:55
  • Lêste dei Ljouwerter iishal

Yn de Ljouwerter iishal wurde nei 36 jier gjin redens mear ûnderbûn. De allerlêste streken binne sneintemiddei op it keunstiis set. Nei de simmer stiet der in nagelnije Elfstedenhal foar yn 't plak.

Minsken koene symboalysk in stikje fan de iisflier meinimme yn spesjale wekflessen. Dy kinne se dan yn de takomst wer leegje as de iisflier yn de nije hal lein wurdt. It stiet symboal foar it meinimmen fan it smûke gefoel fan de âlde iishal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)