Marrit Leenstra twadde yn einklassemint 1000 meter

22 mrt 2015 - 15:47

Marrit Leenstra is yn de einstân fan it wrâldbekerklassemint op de 1000 meter twadde wurden. Yn Erfurt wie der in dûbelslach foar de Amerikaanse Brittany Bowe. Se wûn de ôfstân yn in nij baanrekôr fan 1.14.61 en klom dêrmei nei it earste plak yn de einstân. Marrit Leenstra ried 1.15.78, goed foar it tredde plak en twadde yn it klassemint. Heather Richardson waard yn Erfurt twadde yn 1.15.13.

De Fryske froulju Thijsje Oenema en Margot Boer spilen gjin grutte rol op de twadde 500 meter. Oenema waard achtste, Boer waard diskwalifisearre. Jan Smeekens waard op de 5000 meter sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)