Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert moat wer iepen kinne

22 mrt 2015 - 15:22

De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert moat wer iepen kinne. Bestjoersleden fan de Museumhaven hawwe in boargerinisjatyf yntsjinne om de brêge wer beweechber te meitsjen. Oant 1969 wie de brêge flakby it stasjon beweechber, fanwege de hannel dy't hjir doe dreaun waard.

De VVV yn Ljouwert is grut foarstanner fan it plan, mar dan moatte oare brêgen ek langer iepen wêze. In nije Prins Hendrikbrêge kostet fiif miljoen euro. It gemeentebestjoer is posityf oer it idee, mar seit dat der gjin jild foar is. De gemeenteried praat der moandeitejûn oer.

De inisjatyfnimmers hoopje mei de nije brêge mear wettersporttoeristen nei it sintrum fan Ljouwert te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)